Home / RESINSJES / Fûgelfrij yn de canyon resinsjes

Fûgelfrij yn de canyon resinsjes

Dit nije ferhaal, Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus, is wer lekker spannend.

De reislustige famylje is no nei Amearika oerstutsen, diskear sûnder dochter Fardau, mar wol mei freon Jelle. Beide jonges, Hidde en Jelle, binne aardich oan elkoar weage, folje elkoar moai oan: Hidde mei der graach fuort op ynfleane en Jelle is wat mear betochtsum. Diskear giet it om in foech milieu-item: protest tsjin helikopters mei toeristen dy’t hoe langer hoe mear de kostlike natuer mei syn stilte yn de Great Canyon fersteure. Der komt sels in ûntfiering oan te pas. De oplossing drage de beide jonges, sa’t dat heart yn dizze rige, har stientsje oan by. By de ûntknoping sil de wiere skuldige, dy’t de lêzer dan ek krekt as de beide jonges yn it fizier hat, earst noch ûntkomme. Mar fansels wurdt it rjochtfeardichheidsgefoel befredige, al giet it yn it ‘gewoane’ libben faak wol oars.

Besprek troch Maria Delgrosso yn de LC fan freed 15 oktober 2010

Heal yndiaan, heal Frysk
De Traveliers, in famylje dy’t noait ris in kear in gewoane fakânsje hat, binne dit kear yn Amearika. ‘Fûgelfrij yn de Canyon’ is de fjirde ôflevering út de searje en de driigjende hauk op ‘e foarkant ferseit net folle goeds. Mar wa’t de oare trije aventoeren lêzen hat wit ek dat de Traveliers harren altiten rêde.
Dat wol net sizze dat it ferhaal net spannend is. Lykas de oare skriuwers út de rige, Auck Peanstra en Anny de Jong, wit Jan Schotanus dizze kear de lêzer by de les te hâlden. It is dochs al knap dat de trije skriuwers hast deselde styl hantearje.
Schotanus kiest allinnich foar soan Hidde en freon Jelle as haadfigueren, wylst yn de lêste twa boeken dochter Fardau sintraal stie. Sy is no op ponykamp en komt allinnich fia in inkelde sms oan har mem yn it ferhaal foar. Rom baan dus dit kear foar Hidde en Jelle, dy’t op harren camping yn de Grand Canyon de Amerikaanse jonge Davon treffe. Lit hy no krekt heal yndiaan en heal Frysk wêze.
De trije komme yn in aventoer telâne dêr’t sels de regearing en de gûverneur fan Arizona mei te meitsjen hawwe. It draait allegear om in lûdswet, dy’t der foar soargje moat dat it yn de prachtige Grand Canyon wer rêstich wurdt en der net hieltiten helikopters mei toeristen omfleane. Fansels wolle de eigners fan de helikopterbedriuwen dit net.

Hoewol’t de lûdswet in yngewikkelde kwestje is, wyt Schotanus dit tige ienfâldich yn in pear sinnen út te lizzen. En hy wit echte jongeshumor yn it boek te ferwurkjen. Sa as de beskriuwing fan Carmen, dy’t harren fertocht hâldt en draagt. ‘Hy kriget omtrint de triennen yn ‘e eagen fan har parfum. Gjin ferkeard luchtsje, mar tsien kear te sterk.’

About inyourface

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *