Home / Traveliers / De Bongelboekepriis 2010

De Bongelboekepriis 2010

In opmerklike priis, in grutte ferrassing

Yn 2007 hat de NHL de bongelboekepriis ynsteld.
De studinten fan de dosinte-oplieding Fries wize fan dan ôf alle jierren it moaiste boek foar 10-16jierrigen oan.
In prachtich ynisjatyf, benammen om’t de pear boeken dy’t foar dizze leeftiidsgroep útkomme, alle oandacht nedich hawwe dy’t se mar krije kinne.
Dat wy as winners fan it jier 2010 útroppen waarden, wie in grutte ûnferwachte ferrassing. De priis is eins ornearre foar it bêste boek fan it jier, mar de sjuery hat de hiele searje De Traveliers foar kar nommen.
In toanielstikje: Op reis mei in protte tûkelteammenOpmerklik fûnen se dat de skriuwers út in ferskillend perspektyf skriuwe, mar dat de boeken troch it tema dochs mei elkoar ferbûn binne en in ienheid foarmje.

Noch opmerkliker is lykwols dat Jan Schotanus de priis krige en dat der doe noch net iens in boek fan him útkommen wie. Gjin noed, hy hat it fertrouwen fan de sjuery net yn it minst beskamme.

It waard op 9 juny op it Liudger yn Burgum fierd.

De studinten giene ek op reis yn it toanielstikje
It sjueryrapport wurdt oerhandige

In kwis mei de learlingen oer ien fan de boeken en fansels blommen en de medalje mei ynskripsje foar de skriuwers.
As ekstra foar elk in prachtige ‘wereldbol’ as oantinken oan de wrâldreizen fan de Traveliers.

About inyourface

Check Also

In nije Traveliers!!!

Yn dizze hite dagen is it sechsde diel fan de Traveliers fan de parsen rôle. …

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *