Home / Traveliers / Berneboekesjuery 2012

Berneboekesjuery 2012

De Traveliers en de priis fan de Berneboekesjuery

Basisskoallen kinne wer meidwaan oan de Fryske berneboekesjuery*.

Yn 2012 wurde learlingen út de groepen 7 en 8 frege om mei te dwaan. Yn de moannen febrewaris, maart en april lêze de bern de boeken dy’t meidogge. De boeken
Yn de berneboekesjuery fan 2012 giet it om fiif boeken yn de Traveliersrige. Ús rige spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf.

Wat is it moaiste boek?
De bern kieze de moaiste trije fan de rige út. Dy kar folje se yn op it dielnameformulier. Se kinne harren kar beoardielje mei 3 punten foar it bêste boek, 2 punten foar nûmer twa en 1 punt foar nûmer trije. Hokker skriuwer krijt de priis?
Alle kearen is it wer in spannende saak wa’t de priis winne sil. De skriuwer fan it winnende boek is altyd wakker wiis mei it oardiel en de wurdearring fan de bern. Mei grutskens drage se de Sulveren Spjelde dy’t yn 2012 foar de 18e kear útrikt wurdt.
Ut de earste oanmeldings wurdt in skoalle lutsen dy’t in fergees Traveliers-boekepakket tastjoerd kriget.
Ek meitsje de dielnimmende skoallen diskear kâns op ien fan de trije boekepakketten mei in totale wearde fan € 600,-

About inyourface

Check Also

In nije Traveliers!!!

Yn dizze hite dagen is it sechsde diel fan de Traveliers fan de parsen rôle. …

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *