Home / Traveliers / In nije Traveliers!!!

In nije Traveliers!!!

Yn dizze hite dagen is it sechsde diel fan de Traveliers fan de parsen rôle. It spilet yn it noarden.

SPOAREN! De útropteken moat net mei in stip! It is in drip bloed fan ien fan de hûnen. Der binne mear spoaren yn de snie.

De flaptekst:

‘Jim hawwe by it fleantúch west.’
Hidde ropt fuort fan ‘No!’ De militêr stekt syn hân op. ‘Net lige asjebleaft. Wy hawwe jim fingertaasten fûn.’
De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. ‘En do hast de doaskes út it tastel helle.’ Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: ‘Ik ha se wier net.’ ‘Wat hast der mei dien?’ ‘Neat,’ ropt er. ‘Ik ha se fergetten en doe…’

Noch even en it leit te keap foar 12,50.

It harkboek fan Spoaren! wurdt drok oan wurke.

Anny de Jong hat it hielendal ynlêzen.

It Finsk wie noch in lyts probleemke, mar nei wat studearjen is dat ek oplost.

Op 9 oktober wurdt yn Ferwerteradiel in feestje boud om Spoaren! hinne.

Anny hat ûnderwilens al even by in huskyfarm sjoen. De huskyfarm

Ace, de lieder fan it stel, wie suver ferlyfd op har…

Foto’s: Siberische Husky Kennel Chibewyan

About inyourface

Check Also

Berneboekesjuery 2012

De Traveliers en de priis fan de Berneboekesjuery Basisskoallen kinne wer meidwaan oan de Fryske …

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *