Home / BIOGRAFY / De Traveliers – de searje

De Traveliers – de searje

Hoe ’t de searje fan De Traveliers ûntstien is

It sil earne yn 2008 west ha, dat de trije skriuwers Jan Schotanus en syn frou Marja, Anny de Jong en Auck Peanstra by elkoar sieten en harren ûnfrede útsprutsen oer it feit dat der gjin nije spannende boeken foar de boppebou mear ferskynden.
Earder hiene Jan en Anny meiwurke oan de Mentha Minnema-searje, mar de útjouwer woe dy net mear fuortsette.
Koene we net in nije searje betinke?Op dy middei waard de Travelierssearje berne: spannende moderne boeken foar de bern yn de boppebou en earste jierren fan it fuortset ûnderwiis.
We betochten in famylje: in heit en in mem, in jonge en in famke, want de boeken moasten sawol jonges as famkes oansprekke.
It moasten spannende aventoeren wurde, mar it soe moai wêze as de bern der ek wat fan opstekke koene, ynformaasje oer oare lannen, bygelyks.

Sa krige heit in berop dêr’t er in soad foar reizgje moast : geolooch – ‘aardkundige’. Hy die ûndersyk nei de ferskillende soarten lagen yn de ierde en mear fan ditsoarte saken.
Yn de fakânsjes koene de bern moai mei him mei en krigen se sa de kans om wat fan de wrâld te besjen. En bern soene gjin bern wêze as se sels net op ûndersyk útgiene.
Want bang wiene se net, hiene we ôfpraat.
We betochten nammen, hoe’t se derút seagen, watfoar karakter se hiene. Dat wie belangryk, want al waarden de boeken troch trije ferskillende minsken skreau, it moast wol in ienheid wurde.
En der moast in namme komme. Auck betocht: de Traveliers – nei it Ingelske wurd travel dat reizgjen betsjut.
En doe los!

 

About inyourface

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *