Home / AKTIVITEITEN / Wa wurdt de winner?

Wa wurdt de winner?

Parseberjocht

Wa wint de sulveren spjeld fan de Berneboekesjuery 2012?
Wurdt it Auck Peanstra, Jan Schotanus of Anny de Jong.

Moandei 25 juny om 10.30 wurdt de winner fan de sulveren spjeld fan de Berneboekesjuery fan 2012 bekend makke op OBS De Pôlle yn Marssum.

Yn 2012 hawwe hûûnderten skoalbern úút Fryslân meidien oan de Berneboekesjuery. Dit jier koenen sy it moaiste boek kieze úút in rige fan 5, útbrocht troch de Afûk.
De rige fertelt oer de famylje Travelier. Heit is geolooch en sadwaande bedarret it hiele gesin hieltiid op oare frjemde plakken, dêr’t sy allegearre spannende en soms sels gefaarlike avontueren belibje. Op dit stuit binne der fiif titels útkaam en wurdt der hurd wurke oan de sechsde.
De fiif titels dy’t kâns meitsje om de Berneboekesjuery te winnen binne:
It goud fan de aboriginals en Kantsjeboard op Kurasao fan Auck Peanstra, Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus en In flitsend hûntsje en Yslik aktyf fan Anny de Jong.
De Fryske Berneboekesjuery is bedoeld om it lêzen yn de Fryske taal te stypjen.

Noat foar de parse:
Jo binne fan herte útnoege om by de útrikking fan de sulveren spjelde oanwêzich te wêzen.
Datum: 25 juny 2012
Tiid: 10.30 oere
Plak: OBS De Pôlle yn Marssum
Foar mear ynformaasje oer de berneboekesjuery en de útrikking kinne jo kontakt opnimme mei:
Binne Reitsma

About inyourface

Leave a Reply

Your email address will not be published. Required fields are marked *