Grut ynterview mei Auck

Op Engelum.com stiet in wiidweidich ynterview mei Auck. Oanlieding wie it winnen fan de sulveren spjelde foar Kantsjeboard op Kurasao. Auck mei it winnende boek: Kantsjeboard op Kurasao Auck mei it winnende boek , foto Omrop Fryslân

Read More »

Fûgelfrij yn de canyon resinsjes

Dit nije ferhaal, Fûgelfrij yn de Canyon fan Jan Schotanus, is wer lekker spannend. De reislustige famylje is no nei Amearika oerstutsen, diskear sûnder dochter Fardau, mar wol mei freon Jelle. Beide jonges, Hidde en Jelle, binne aardich oan elkoar weage, folje elkoar moai oan: Hidde mei der graach fuort …

Read More »

Spoaren! resinsjes

Begearige fakânsjegongers Anny de Jong – De Traveliers, Spoaren!, Afûk, Ljouwert, €12,50, (10 jier en âlder) Finlân en in bytsje Ruslân binne dit kear de lannen wêr’t de aventoeren fan de famylje Travelier harren ôfspielje. It is boek seis yn in rige dêr’t trije Fryske skriuwers yn tige lêsber Frysk …

Read More »

En de winner is…

Auck Peanstra hat hjoed de sulveren spjelde fan de Berneboekesjuery krigen.Berneboekesjuery Kantsjeboard op Kurasao Traveliers Alle boeken út de rige De Traveliers diene mei, ientsje koe der mar winne! Dat waard de Travelier dy’t op Kurasao spilet: Kantsjeboard op Kurasao. Harkje hjir noch in kear nei de reportaazje op Omrop …

Read More »

De Bongelboekepriis 2010

In opmerklike priis, in grutte ferrassing Yn 2007 hat de NHL de bongelboekepriis ynsteld. De studinten fan de dosinte-oplieding Fries wize fan dan ôf alle jierren it moaiste boek foar 10-16jierrigen oan. In prachtich ynisjatyf, benammen om’t de pear boeken dy’t foar dizze leeftiidsgroep útkomme, alle oandacht nedich hawwe dy’t …

Read More »

Berneboekesjuery 2012

De Traveliers en de priis fan de Berneboekesjuery Basisskoallen kinne wer meidwaan oan de Fryske berneboekesjuery*. Yn 2012 wurde learlingen út de groepen 7 en 8 frege om mei te dwaan. Yn de moannen febrewaris, maart en april lêze de bern de boeken dy’t meidogge. De boeken Yn de berneboekesjuery …

Read More »

In nije Traveliers!!!

Yn dizze hite dagen is it sechsde diel fan de Traveliers fan de parsen rôle. It spilet yn it noarden. SPOAREN! De útropteken moat net mei in stip! It is in drip bloed fan ien fan de hûnen. Der binne mear spoaren yn de snie. De flaptekst: ‘Jim hawwe by …

Read More »

De Traveliers – de searje

Hoe ’t de searje fan De Traveliers ûntstien is It sil earne yn 2008 west ha, dat de trije skriuwers Jan Schotanus en syn frou Marja, Anny de Jong en Auck Peanstra by elkoar sieten en harren ûnfrede útsprutsen oer it feit dat der gjin nije spannende boeken foar de …

Read More »

Oanbieding Spoaren!, it harkboek

Feestje ta gelegenheid fan it ferskinen fan Spoaren!, it sechsde boek yn de Traveliersrige. Anny de Jong hat it daliks ynlêzen, dat it harkboek koe feestlik oanbean wurde by in itentsje fan de trije skriuwers. Under it iten fleagen de ideeën foar it folgjende diel al wer oer de tafel. …

Read More »

Wa wurdt de winner?

Parseberjocht Wa wint de sulveren spjeld fan de Berneboekesjuery 2012? Wurdt it Auck Peanstra, Jan Schotanus of Anny de Jong. Moandei 25 juny om 10.30 wurdt de winner fan de sulveren spjeld fan de Berneboekesjuery fan 2012 bekend makke op OBS De Pôlle yn Marssum. Yn 2012 hawwe hûûnderten skoalbern …

Read More »